Smellingerlân digitaal

© Omrop Fryslân
Yn Smellingerlân moatte alle gemeenterieds- en kommisjegearkomsten útstjoerd wurde op ynternet. Dat wol it CDA yn dy gemeente.
Op dit stuit is it yn 'e gemeente allinnich mooglik om by de lokale omrop of yn in lûdsargyf de gearkomsten te beharkjen. Om't hast alle húshâldings tsjintwurdich in kompjûter yn 'e hûs hawwe, fynt it CDA it wichtich dat de gearkomsten te folgjen binne op ynternet.