Oanriding troch drank

10 nov 2008 - 09:59
Foto: Omrop Fryslân

In 49-jierrige man út Berltsum hat sneintejûn ûnder ynfloed fan drank in oanriding feroarsake yn Wergea. Nei't er út syn auto stapt wie om syn bumper wer yn te laden, ried er fierder.

In tsjûge belle de plysje, dy't de man op de Hendrik_Algrawei oanhâlde koe. De man moast foar seis oeren syn rydbewiis ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)