Keatsers fjirde yn Ekwador

09 nov 2008 - 23:18

De Fryske keatsploech is juster as fjirde en lêste einige yn de finalegroep fan it Pelota de Mana. Dat is in keatsfariant dy't benammen yn Ekwador spile wurdt. It team ferlear earst mei 6-2 fan Spanje. Dêrnei wiene België mei 6-3 en Ekwador mei 6-0 te sterk.

It thúslân Ekwador waard úteinlik de winner by de keatsfariant dêr't eltse bal minimaal fjouwer meter heech spile wurde moat. De Fryske keatsers binne noch oant sneon yn Súd-Amearika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)