WK keatsen yn Ekwador

09 nov 2008 - 16:55
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ekwador is sneon it wrâldkampioenskip keatsen út ein set mei in pleatslike fariant fan it keatsen. De ploech fan Nederlân (Fryslân) wûn twa wedstriden fan Peru en Urûguay mei 6-0.

Snein wurdt de finale tsjin België spile. Der wurdt yn Ekwador yn ferskate spulsoarten keatst: it muorrekeatsen, Llargues, it Europeeske spul en de lokale fariant. Der binne santjin dielnimmende lannen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)