Man oanholden foar heling

09 nov 2008 - 16:01
Foto: Omrop Fryslân

In 33-jierrige man út Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon oanholden op de Weaze op fertinking fan heling. De man wie yn it besit fan in fyts. It fermoeden bestie dat dizze net fan him wie.

By neifraach sei de man dat er de fyts foar in pear euro kocht hie. De man is meinaam nei it buro en foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)