Auto yn sleat by A7

09 nov 2008 - 15:57

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei in ûngelok dat op freedtejûn plakfûn hat op de A7 by Aldehaske. Trije manlju rekken dêrby ferwûne. De auto kaam troch noch ûnbekende reden by de oprit ta hichte fan Aldehaske op de kop yn de sleat telâne.

De brânwacht moast op it plak komme om de twa 18-jierrige manlju en in 17-jierrige man út De Jouwer út de auto te befrijen. De trije manlju binne mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)