Wrâldwykein by Stayokay

09 nov 2008 - 12:39

De Stayokay yn Snits ûntfangt takom wykein 14 gesinnen dy't op it stuit in drege tiid belibje. Dat bart yn it ramt fan it saneamde wrâldwykein, dat fjirtjin hostels fan Stayokay yn Nederlân organisearje, yn de mande mei it Reade Krús en Humanitas.

De hostels ûntfange gesinnen dy't sels gjin fakânsje betelje kinne, omdat se dêr gjin jild foar ha. Der wurde allegear aktiviteiten organisearre. Yn Snits kinne de gesinnen bygelyks meidwaan oan in workshop karate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)