Elma de Vries tolfde op 3 km

08 nov 2008 - 17:00

Reedrydster Elma de Vries fan Meppel, earder fan De Haule, is by de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn op de trije kilometer tolfde wurden. Se kaam oer de streek yn in tiid fan 4.11,68.

De Tsjechyske Martina Sablikova wie fierwei de rapste. Se wûn yn in tiid fan 4.03,70. Renate Groenewold waard teloarstellend sechde. Har tiid wie 4.08,59.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)