Oanholden foar bedriging

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht nei sneon yn de Doelesteech yn Ljouwert twa jonges fan 17 en 19 jier út dy stêd oanholden op fertinking fan bedriging. De jonges hiene yn in kroech in fjochtpartij feroarsake en in meiwurker bedrige.
De plysje waard der by helle en dy hat de jonges oanhâlden. By de oanhâlding fersetten de jonges harren bot en raasden se ferskate bedrigings oan omstanners en plysjeminsken. De beide binne foar neier ûndersyk ynsletten op it plysjeburo.