Auto yn sleat op 'e Jouwer

© Omrop Fryslân
In 44-jierrige Sint Nykster is freedtemiddei op De Jouwer ferwûne rekke nei't er mei de auto fan de dyk rekke wie. Hy ried op de Seewei mei hege faasje rjochting de rotonde en is doe nei alle gedachten skrokken fan in tsjinlizzer.
Dêrtroch makke er in ûnferwachte stjoerbeweging, rekke fan de dyk en skampte in beam. Dêrnei bedarre er yn de sleat. De man is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht.