Kuorbalhal Drachten iepene

07 nov 2008 - 20:56

Nei fyftjin jier ûnderhanneljen hat Kuorbalferiening Drachten syn eigen kuorbalhal. Dy waard freedtejûn iepene neist de bûtenakkommodaasje fan de feriening. Dat it sa lang duorre hat kaam omdat de gemeente earst fûn dat der gjin romte wie foar noch in sporthal yn Drachten.

De bou fan de kuorbalhal hat 1,7 miljoen euro koste. Dat jild komt ûnder oare fan de gemeente, mar waard ek troch de feriening sels opbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)