Kramer wint 5 km yn Berlyn

Sven Kramer (foto: Martin de Jong)
Sven Kramer hat freed yn Berlyn de fiif kilometer wûn by de earste wrâldbekerwedstriden fan it seizoen. Kramer ried in tiid fan 6.15,74. Hy einige dêrmei foar de Noar Havard Bokko, dy't 6.20,03 ried. Carl Verheijen waard tredde yn 6.20,87. Ferline wike wûn Sven Kramer noch trije ôfstannen op it NK op It Fean.
Elma de Vries waard de bêste fan de Nederlânske froulju op de 1500 meter. De Vries waard sânde yn 1.59,49. Marrit Leenstra waard alfde yn 2.00,38.