Flater yn saak Balk

Saak Balk is net behannele
Troch in flater fan de plysje geane mooglik trije fertochten fan geweld en rasisme frijút. Ferline jier oktober waarden in jonge en famke op 'e hûd sitten yn Balk. Trije manlju fan 18 en 21 jier binne oanhâlden om't se de jonge mishannelen. Ien fan de fertochten soe boppedat it famke dat donker is, útskolden ha.
De saak soe freed behannele wurde, mar dat gie net troch. De plysje hat de ferklearring fan in tsjûge ferneatige. Dat hie net mocht.