PvdA wol natueriis

07 nov 2008 - 15:42

Leafhawwers fan natueriis wachtsje al wer in pear jier op nachten mei flink wat froast. De PvdA hat in oplossing, sa stiet yn it ferkiezingsprogramma foar de wetterskipsferkiezings. It wetterskip moat alle jierren soargje foar twa wiken natueriis, sa fynt de partij. Oare partijen reagearje folslein fernuvere.

De wetterskipsferkiezings begjinne takom wike. Ein novimber wurdt de útslach bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)