Nys docht mei oan sintrumcross

07 nov 2008 - 14:55

De Belgysk kampioen fjildriden Sven_Nys is heal jannewaris ien fan de dielnimmers oan de sintrumcross fan Surhústerfean. De hurdfytswedstryd wurdt dan foar de fyftjinde kear hâlden. Nys wûn de lêste edysje en dy fan 1999.

It parkoers fan de kommende edysje sjocht der oars út as dat fan ferline jier. Op foardracht fan hurdfytser Richard_Groenendaal wurde in pear feroarings oanbrocht. Groenendaal wûn de sintrumcross trije kear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)