Houten brêge Snits hast klear

De houten brêge wurdt nije wike pleatst
Seis grutte kranen sille takom wike freed yn Snits de houten brêge Akkerwinde ynelkoar sette. De brêge is ûntwurpen troch de Ljouwerter arsjitekt Hans Achterbosch. Om it middeisoere hinne wurde beide dielen fan 32 by 16 meter mei-elkoar ferbûn. Yn de wiken dêrop wurdt de brêge fierder klearmakke foar transport en pleatsing oan de rûnwei.
Op dit momint wurdt yn twa tinten op de boulokaasje yn Snits noch hurd wurke oan de beide brêgedielen.