Gids foar mantelsoargers

© Omrop Fryslân
Yn Opsterlân wurdt moandei in gids foar mantelsoargers presintearre. Der steane ferhalen yn fan fiif ynwenners fan Opsterlân dy't oan mantelsoarch dogge. Ek binne der adressen yn te finen dêr't help ynroppen wurde kin. Mantelsoargers binne minsken dy't op frijwillige basis siken of handikapten helpe.
De gids wurdt presintearre op in spesjale byienkomst foar mantelsoargers, dy't op 'e Gordyk hâlden wurdt.