Gjin universiteit yn Fryslân

Doekle Terpstra
Fryslân moat gjin eigen universiteit krije. Besteande universiteiten moatte gearwurkje mei de hegeskoallen en ûndersyksynstellingen yn de provinsje. Troch ûnderwiis te jaan fia ynternet kin universitêr ûnderwiis yn Fryslân brocht wurde. Dat seit Doekle Terpstra, foarsitter fan de HBO-raad.
Neffens Terpstra is yn de lanlike polityk gjin draachflak foar in nije universiteit. Ek past it neffens Terpstra net by de struktuer en it karakter fan de provinsje.