Oanlis rotondes by Marsum

© Omrop Fryslân
By Marsum komme twa rotondes yn de krúspunten op de N31 tusken Marsum en Deinum. Om de oerlêst foar it ferkear safolle mooglik te beheinen wurde de rotondes yn trije wykeinen oanlein.
Dat betsjut dat de dyk tusken Deinum en Marsum yn de lêste beide wykeinen fan novimber en it earste wykein fan desimber ôfsluten is foar it ferkear fan freedtejûn acht oere oant moandeitemoarn seis oere. It ferkear wurdt dan omlaat.