Mear huzen yn Stiens-East

© Omrop Fryslân
Yn Stiens-East komme 350 nije huzen. Der sitte hierwenten en goedkeape keapwenningen by. De gemeente Ljouwerteradiel hat dêrfoar in gearwurkingsoerienkomst tekene mei in ûntwikkelingsmaatskippij.
Mei de provinsje moat noch praat wurde wannear't de wenningen boud wurde. Yn it plan is ek de útwreiding fan bernebuorkerij Doniastate opnaam. Ek is der noch romte foar de ûntwikkeling fan in rekreaasjegebiet.