Hearrenfean ferliest dik: 5-1

Ferlies foar Hearrenfean yn Wolfsburg
Sportclub Hearrenfean hat de twadde wedstryd yn de groepsfaze fan it UEFA Cup toernoai mei 5-1 ferlern fan VfL Wolfsburg. De nûmer njoggen fan de Bundesliga spile Hearrenfean yn de twadde helte folslein fan de matte.
De Feansters kamen yn de 31ste minút noch wol op foarsprong troch in goal fan Väyrynen, mar trije minuten letter makke Dzeko de lykmakker. Foar rêst waard it al 2-1. Nei it skoft makken de Dútsers it maklik ôf en waard it úteinlik 5-1.