Stipe blautonge-slachtoffers?

06 nov 2008 - 20:35

Der komt mooglik finansjele stipe foar fee-eksporteurs. Lânbouminister Verburg besjocht oft eksporteurs, dy't slachtoffer wurden binne fan de diersykte blautonge, kompenseard wurde kinne fia it boarchstellingsfûns fan har ministearje.

Nije wike woansdei moat dêr útslutsel oer komme, sa hat Verburg de Twadde Keamer tasein. It fûns is earder ynset om feehâlders finansjeel te stypjen. As gefolch fan de blautonge is de útfier fan fee stil komme te lizzen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)