Jild foar meartaligens

Mercator, ûnderdiel Fryske Akademy
De Europeeske Kommisje hat 4,5 ton takend oan it Mercator Netwurk yn Ljouwert. It jild is bedoeld foar ûndersyk nei meartaligens en taallearen. It Mercator Netwurk is "lead partner" fan fiif universiteiten en ûndersykssintra yn bygelyks Wales en Kataloanië.
De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert jouwe elk twa ton it jier. Mei it jild moat Mercator in ynternasjonaal sintrum foar meartaligens wurde.