Graffiti op sket Ozinga

© Omrop Fryslân
It sket om Hotel Ozinga yn Snits hinne wurdt in keunstwurk. Eigner Wenningstifting de Wieren hat twa graffiti-skriuwers de opdracht jûn it sket op te kreazjen foar in better strjitbyld. Der komt in foarstelling op dy't sjen lit wat der om en ta giet yn in hotel. As it waar meisit, wurdt it skilderwurk sneon ûntbleate.
It fan âlds bekende gebou fan hotel Ozinga wurdt op it stuit folslein restaurearre. Doel is dat der in leanbedriuw yn komt.