E-mailproblemen Smellingerlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân hat lêst fan in grut e-mailprobleem. Woansdei ûntduts de gemeente dat in part fan de meiwurkers gjin e-mails ferstjoere of ûntfange koe. De oorsaak is noch net bekend. De meiwurkers kinne yntusken wer e-maile, mar der binne wol fan in wike lang e-mails ferlern gien.
De gemeente wol dêrom graach dat de minsken dy't nei 29 oktober gjin reaksje krigen hawwe op har e-mail, de e-mail op 'e nij stjoere.