Warskôging foar jassesuteler

© Omrop Fryslân
By de plysje yn de Súdwesthoeke fan Fryslân binne sân meldings ynkaam fan minsken dy't in man oan de doar hân hawwe dy't besiket winterjassen te ferkeapjen. Hy biedt de jassen oan foar allinnich de priis fan de btw. Yn twa gefallen ha minsken 150 en 40 euro oan de man betelle foar jassen.
De plysje is op dit momint benammen dwaande om út te sykjen wêr't de jassen weikomme en oft dat op in legale wize bart.