Stroomsteuring Ljouwert

06 nov 2008 - 13:53

In part fan Ljouwert is tongersdei troffen troch in stroomsteuring. Even foar 11 oere moarns gong ûnder oare yn winkelsintrum De Sintrale de stroom derôf. Dêrtroch moasten klanten de winkels ferlitte. In tal grutte winkels dêr hiene middeis wer stroom.

Earst leine der seis tuskenstasjons út. De helte dêrfan wie oan it begjin fan de middei wer yn bedriuw. Letter op 'e middei wie de hiele steuring wer ferholpen. De oarsaak is noch net bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)