Gjin iepenloftspul Opsterlân
Yn Opsterlân komt takom jier gjin Iepenloftspul. De organisaasje wol in jier oerslaan om de frijwilligers wat rêst te jaan en nije minsken te sykjen. Neffens it bestjoer draait it iepenloftspul no op te min minsken.
Ofrûne jier spile it iepenloftspul fan Opsterlân it stik 'Ronja de rôversdochter', in wat minder dreech stik as foargeande jierren. De reaksjes dêrop wiene wol goed. Yn 2010 wol it iepenloftspul fan Opsterlân wol wer in stik bringe.