Opsporing Verzocht ynskeakele

© Omrop Fryslân
De plysje hat de help fan it televyzjeprogramma 'Opsporing Verzocht' ynroppen om de bedriging fan in frou yn Vegelinsoard op te lossen.
Dy bedriging wie op 6 oktober troch twa manlju yn in reade auto. Se hellen de frou yn en twongen har fan de fyts te stappen. Dêrnei waard se bedrige mei in mes. Letter waard se noch yn de sleat treaun. De frou rekke by it ynsidint ferwûne. 'Opsporing Verzocht' wurdt kommende tiisdei útstjoerd op Nederlan 1.