Doarpshûs Boyl moat opknapt

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Boyl wolle dat doarpshûs de Tille wer opknapt wurdt. Yn in enkête ha de ynwenners unanym keazen foar in nije start. Doarpsbelang komt dêrom no mei in plan om it fertutearze gebou yn de steigers te setten. Yn alle gefallen moat der wat barre oan de plafonds, de ferwaarming en de bar.
Twa jier lyn wie it doarp noch yn de race foar in multyfunksjoneel sintrum. De gemeente Weststellingwerf sette samar in streek troch dy plannen.