Pranjic en Steppe wer fit

06 nov 2008 - 09:35
Keeper Kenny Steppe is wer fit

SC Hearrenfean kin tongersdei wer beskikke oer Pranjic en keeper Steppe. De Feansters spylje dan foar de UEFA-Cup tsjin it Dútse Wolfsburg. De earste wedstriid tsjin AC Milan waard thús ferlern, dus It Fean sil yn Wolfsburg punten helje moatte. Neffens trainer Sollied is Wolfsburg in fysyk sterke ploech mei in gefaarlike oanfal.

De wedstriid is tongersdei fan healwei achten ôf rjochtstreeks op Omrop Fryslân radio te folgjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)