Fiif kânsen arsjitektuerpriis

05 nov 2008 - 16:13

Fiif gebouwen yn Fryslân meitsje kâns op de Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer. Dat is in provinsjale priis, bedoeld om de kwaliteit fan de arsjitektuer te ferbetterjen. Ek moatte mear Friezen belangstelling krije foar arsjitektuer.

Under de nominearren sitte ûnder oare it gebou fan útjouwer Steven Sterk op 'e Gordyk en de restauraasje en oerkaping fan 'e Broeretsjerke yn Boalsert. Der wiene 69 ûnwerpen ynstjoerd foar de priis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)