Seppelin-proef op Waad tastien

de seppelin
Der mei in proef dien wurde mei seppelin-fluchten boppe de Waadsee. It Fryske Gea en de Waadferiening hiene by de Raad van State beswier makke tsjin de fergunning dy't nêdich is. De Raad van State hat it beswier ôfwiisd.
De fluchten sille net soargje foar skea oan de natoer as oan de betingsten foldien wurdt. Sa mei der net flein wurde boppe gebieten dêr't in soad fûgels en seehûnen rêste. De fergunning stiet ta dat der as proef fjouwer wiken lang flein wurde mei.