Aksje foar smoke yn kafee's

© Omrop Fryslân
Eigners fan in lyts kafee demonstrearje ein dizze moanne tsjin it smookferbod yn harren saak. Dat dogge se op inisjatyf fan de Stichting Red de Kleine Horecaondernemer.
Dy stichting is oprjochte troch eigners fan kafee's dy't in legere omset hawwe troch it smookferbod. Yn Fryslân binne 29 kafee's lid fan de stichting. De demonstraasje wurdt hâlden op it Malieveld yn Den Haag. Neist kafee-eigners binne ek kafee-besikers fan herte wolkom.