Ekstra ried Littenseradiel

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Littenseradiel hâldt tongersdeitejûn in ekstra gearkomste. Dat wurdt dien op fersyk fan de fraksje fan Djip Read. Dy wol prate oer de ferhâldings yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.
De twa wethâlders melden har fanwege sykte ôf foar de lêste riedsgearkomste. Neffens Djip Read is der lykwols mear oan de hân. De riedsgearkomste begjint om healwei achten en is iepenbier.