Strjitrôf yn Frjentsjer

05 nov 2008 - 09:51

In 50-jierrige frou út Frjentsjer is tiisdeitenacht bedrige en berôve yn har eigen wenplak. De frou rûn oer de Noarderbleek, doe't in ûnbekende man har yn it gers treau. Hy bedrige har mei in mes en pakte doe har tas ôf.

De tas waard letter werom fûn troch de plysje. It jild en har kaaien wiene derút helle. De plysje hat in sinjalemint fan de man, mar hy is noch net fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)