Eastenriker nei Hearrenfean

04 nov 2008 - 23:07
Foto: Omrop Fryslân

Sportklub Hearrenfean hat in 16-jierrige Eastenriker fêstlein. Tobias Kainz komt 1 jannewaris 2009 oer fan Austria Wien en tekent in kontrakt oan 2011. Kainz sil earst útkomme foar de jeugdteams by Hearrenfean.

Thomas Prager, de Eastenriker dy't earder foar Hearrenfean fuotballe hat en no spilet foar LASK Linz, kaam ek út de jeugd fan Austria Wien.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)