Skoalbern tariede op baan

04 nov 2008 - 22:49

Fiif skoallen út it fuortset en middelbier beropsûnderwiis begjinne yn Drachten mei in arbeidstrainingssintrum. Learlingen dy't nei har oplieding grutte muoite hawwe om nei har skoaltiid oan it betelle baan te begjinnen, kinne der training krije. Bygelyks oer de ferplichtings fan it betelle wurk en hoe't je omgeane mei kollega's.

De gemeente Smellingerlân betellet 25.000 euro mei oan it sintrum dat earst as proef in jier draaie sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)