Stipe foar Frysk taalsintrum

© Omrop Fryslân
It sintrum foar meartaligens Mercator krijt de kommende trije jier rom 1,3 miljoen euro stipe. Mercator is in ûnderdiel fan Fryske Akademy. De provinsje en de gemeente Ljouwert lûke 2 ton it jier út en fan de Baskyske oerheid komt 140.000.
Mei de stipe kin Mercator útgroeie ta in ynternasjonaal wittenskiplik kennissintrum. Wittenskippers en beliedsmakkers moatte dêr te riede gean kinne foar advys foar taalbelied en meartaligens.