'Ovonde' Stiens jout oerlêst

De Ovonde mei in fytspaad yn 'e midden
Buertbewenners binne net bliid mei de nije ovale rotonde by Stiens, de saneamde ovonde. Dêrby ride de fytsers troch de midden. It soe feiliger wêze, mar neffens omwenners wie it hielendal gjin drokke en ûnfeilige krusing.
Troch de nije sitewaasje ha se no lêst fan stank, lûdsoerlêst en skynt it ljocht fan autos yn 'e húskeamer.