Spoeddebat yn Littenseradiel

Wethâlders Doting en Hernamdt
Yn de gemeenteried fan Littenseradiel komt in spoeddebat oer de ferhâldings binnen it kolleezje. De fraksje fan Djip Read wol dúdlikens ha oer wêrom't wethâlder Franke Doting noch hieltyd thús sit. Hy soe siik wêze mar de fraksje hat fernommen dat der op 'e nij spul is yn it kolleezje.
De oare wethâlder, Froukje Hernamdt, wie ek siik, mar is moandei wer oan it wurk gien. Djip Read wol no witte oft ien en oar mei elkoar te krijen hat en easket opheldering.