Faak alkohol by misdriuwen

04 nov 2008 - 15:31

By sa'n tweintich persint fan de misdriuwen troch minderjierrigen yn Fryslân is troch de dieders alkohol brûkt. As der sjoen wurdt nei geweld en fernielings, komt dat persintaazje út op sa'n 25 persint.

Dy sifers waarden tiisdei bekend makke op in gearkomste oer jongeren en alkohol yn Ljouwert. It byhâlden fan dy sifers troch it Iepenbier Ministearje rint noch oant 1 jannewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)