Striid tsjin minskehannelers

04 nov 2008 - 13:25

Plysje en justysje yn Fryslân en Grinslân gean mei elkoar de striid oan tsjin Bulgaarske minskehannelers. It giet om in proefprojekt fan oardel jier, dêr't de politiek yn Den Haach in pear ton foar jûn hat.

Sûnt Bulgarije yn 2007 by de EU kaam, binne der mear as 150 prostituees út it lân nei Ljouwert en Grins kaam. Sy falle hjir yn hannen fan kriminelen, dy't ek út Bulgarije komme. Justysje wol no foarkomme dat de kriminelen hjir hinne komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)