Swel 4 You Koudum hast fol

04 nov 2008 - 13:13

De organisaasje fan Swel 4 You, in aktiviteitewike yn Koudum, moat no al 'nee' ferkeapje oan minsken dy't har ynskriuwe wolle. De oanmeldings foar de workshops dy't de hiele wike hâlden wurde, komme massaal binnen.

Yn De Swel yn Koudum binne dizze hiele wike workshops foar jong en âld op it mêd fan ûnder oaren dûns, muzyk en teater. Al mear as 700 minsken hawwe har ynskreaun. Der is noch wol plak, mar foaral de workshops foar de jonge bern sitte al hielendal fol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)