Ferkiezings neidien yn Ferwert

04 nov 2008 - 13:06
Utlis oer Obama en McCain op boerd

Tiisdei binne de ferkiezings yn Amearika en op it Dockinga College yn Ferwert wurde dy ferkiezings neidien. Learlingen geane de klassen troch om útlis te jaan oer de stânpunten fan de presidintskandidaten. Dêrnei kinne de learlingen fan de skoalle stimme.

Der binne ferskate skoallen dy't oan dit projekt meidogge. Om 4 oere wurdt in lanlike útslach bekend makke. De learlingen leare sa hoe't se saken organisearje kinne en se krije ek noch wat mei fan de Amerikaanske ferkiezings.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)