Pranjic fit foar Wolfsburg

De blessuere fan Pranjic falt ta
SC Hearrenfean middenfjilder Danijel Pranjic rekke yn 'e wedstriid tsjin Vitesse blessearre oan syn hamstring. Foar sa'n blessuere stiet gewoanwei trije wike. Mar Pranjic reizget woansdei gewoan mei de seleksje mei nei Dútslân foar de UEFA Cup wedstriid tsjin Wolfsburg. De kâns is sels grut dat de middenfjilder gewoan meispilet.
De hamstringblessuere fan Roy Beerens falt ôf. Beerens hat in weromslach krigen en giet net mei nei Dútslân.