Strjitrôvers yn It Fean oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat twa froulju en in man oppakt foar in tal strjitrôven yn it sintrum fan It Hearrenfean. In 32-jierrige man koe as earste oanholden wurde. Hy frege in 85-jierrige frou fan It Hearrenfean oft se jild wikselje koe.
In foarbygonger frege wat der oan de hân wie, wêrnei't de man útnaaide. In tsjûge warskôge de plysje. Dy koe de fertochte eefkes letter oanhâlde. Yn de auto fan de man sieten twa froulju. De trije binne oanholden.