Flat yn Drachten útbaarnd

04 nov 2008 - 10:17
Foto: Omrop Fryslân

Yn Drachten hat moandei brân west yn in flat oan de Michaelsberg. De brân ûntstie yn de keuken fan in wenning op de tredde ferdjipping. De earste en twadde ferdjipping waarden dalik ûntromme om't der in soad reek frijkaam.

De brânwacht hie de brân fluch ûnder kontrôle. De wenning is wol folslein útbaarnd. De 53-jierrige bewenster hie problemen mei it sykheljen en is mei ferwûnings oan 'e hân nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)