Grousters tsjin golfbaan

04 nov 2008 - 07:21

Der binne noch hieltyd in soad minsken tsjin de komst fan in golfbaan by Grou. Dat die moandeitejûn bliken op in ynformaasjegearkomste yn it gemeentehûs fan Boarnsterhim.

Undernimmer Notemans wol in 18 holes golfbaan, 50 rekreaasjewenten, in jachthaven en in hotel bouwe oan de Pikmar. De ried moat yn 2009 in definityf beslút nimme oer syn plannen. Notemans rekkent derop dat hy it griene ljocht krijt, want hy hat al 68 bunder grûn by Grou oankocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)