Auto te wetter yn Wyns

03 nov 2008 - 20:02

Yn Wyns is moandei oan it ein fan de middei in auto te wetter rekke. Yn earste ynstânsje waard tocht dat der meardere minsken yn de auto sieten. De auto lei diels ûnder wetter. Uteinlik die bliken dat it om ien persoan gie en dy wie sels al út de auto kaam.

De alarmearre brânwacht koe dan ek werom nei de kazerne. Oer de tadracht fan it ûngelok is noch neat bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)